Darter Noppert ûnderút tsjin Gurney op Players Championship

30 apr 2019 - 16:47

Danny Noppert fan De Jouwer begûn tiisdeitemiddei goed oan it trettjinde Players Championship fan de PDC. Yn it Ingelske Barnsley einige de 28-jierrige darter úteinlik nei trije winstpartijen yn de achtste finales. Dêryn wie Daryl Gurney, de nûmer trije fan 'e wrâld, mar krekt mei 6-5 te sterk.

Foto: Orange Pictures

Noppert wûn earder op de dei yn syn earste wedstriden noch wol fan David Pallett (6-2) en Christian Bunse (6-4). Dêrnei rekkene er mei 6-2 ôf mei Max Hopp út Dútslân, dêr't er ein foarich jier op it WK yn Londen noch rom fan ferlear.

Woansdei stiet yn Barnsley it fjirtjinde Players Championship fan dit jier op it programma.

De Players Championships fan de PDC binne fliertoernoaien dy't wichtich binne om pleatsing foar de grutte telefyzjewedstriden ôf te twingen.

(advertinsje)
(advertinsje)