Wurkstraf easke tsjin beljende shovelbestjoerder út Kollumerpomp

Tsjin in man út Kollumerpomp is 120 oeren wurkstraf easke, omdat er mei syn shovel in ûngelok feroarsake hat. Dêrby rekke in man yn in auto ferwûne. De shovelbestjoerder siet te beljen en woe ôfslaan nei it terrein fan syn bedriuw.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Hy seach net dat er krekt op dat stuit ynhelle waard troch de auto. De man hat bekend dat er siet te beljen en dat er dêrtroch de auto net sjoen hie. Der mankearre ek nochal wat oan de shovel. De rjochtingoanwizers diene it net, hy hie gjin bûtenspegels en de binnenspegels stiene ferkeard ôfsteld.
Neffens justysje hat de fertochte bot ûnfoarsichtich riden. De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.