Riders Fytsalvestêdetocht slaan Dronryp oer

De Alvestêdefytsers komme dit jier net troch Dronryp. It bestjoer fan de Friese Elfsteden Rijwieltocht fynt de tydlike flotbrêge oer it kanaal yn it doarp te gefaarlik. Benammen omdat der 15.000 fytsers oerhinne moatte soene. Feiligens giet boppe alles en dus ek boppe de orizjinele rûte, sa fynt it Alvestêdebestjoer.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Dielnimmende fytsers ride no dit jier fan Marsum fia Ritsumasyl nei Baaium en slaan dêrby Dronyp folslein oer.

Doarpsbelang net bliid

Doarpsbelang Dronryp kin him fine yn it beslút, om't de fytsers takom jier gewoan wer troch harren doarp komme. Oft de pear hûndert autopetters yn Dronryp ek in oare rûte folgje moatte, is net dúdlik.
De Alvestêdetocht op de fyts wurdt al mear as hûndert jier organisearre op Pinkstermoandei. De tocht is 235 kilometer lang en begjint en einiget yn Boalsert.