Lytse bedriuwen yn Fryslân binne stimulâns foar de lokale ekonomy

30 apr 2019 - 15:42

Lytsbedriuwen yn Fryslân ha ôfrûne jier foar mear as 45 banen soarge en sa'n 3,3 miljoen euro oan ekonomyske wearde taheakke. Dit wylst de banken faak net mear jild liene wolle oan lytse bedriuwen en ûndernimmers. Dy sykje dêrom faak oare wizen fan finansiering. Dat docht bliken út ûndersyk fan Oxford Economics, in Ingelsk ûndersyksynstitút.

Foto: Shutterstock.com

Oxford Economics hat de ynfloed fan lieningen fan Funding Circle, it wrâldwide lienplatfoarm foar lytse ûndernimmingen, ûndersocht. Ut it rapport docht bliken dat de lieningen fan Funding Circle ferline jier lanlik foar 140 miljoen euro bydroegen ha oan it Bruto Nasjonaal Produkt.

Yn Fryslân ha útsteande lieningen oan de ein fan 2018 soarge foar mear as 45 banen en it taheakjen fan 3,3 miljoen euro oan de lokale ekonomy.

Lytse bedriuwen

Foar lytse bedriuwen hat it de de lêste jierren dreech west om in liening by in bank te krijen. Lieningen oan lytse bedriuwen meitsje yn Nederlân mar 0,6 prosint út fan de balâns fan de banken.

De finansjele tsjinstferliening is de lêste tsien jier dan ek bot feroare. Undernimmingen rjochtsje harren hieltyd faker op oare wize fan finansierjen as fia de banken, lykas online lienplatfoarmen.

(advertinsje)
(advertinsje)