Hanthaveningsproblemen op it Waad binne noch net oplost

30 apr 2019 - 15:21

De problemen mei it hanthavenjen fan de natuerwet op it Waad binne noch hieltyd net oplost, sa docht bliken út antwurden op keamerfragen. Minister Carola Schouten ferwachtet binnen in heal jier mei in oplossing komme te kinnen foar de hanthaveningsproblemen op it Waad.

De Waadsee foar de Fryske kust - Foto: Remco de Vries

Dêroer wurdt al langer oerlein mei it funksjoneel parket, dat ferantwurdlik is foar de ferfolging by oertrêdingen fan griene wetten. Omrop Fryslân brocht begjin dit jier nei bûten dat der bûten de foar it publyk ôfsletten gebieten hielendal gjin boeten mear útskreaun wurde op de Waadsee, foar it fersteuren fan de natuer op basis fan de wet Natuerbeskerming. Schouten fynt lykwols dat de Waadsee wol goed beskerme wurdt.

Garnalefiskerij

De minister lit dit witte yn antwurd op fragen fan de Twadde Keamerleden Frank Wassenberg (Partij voor de Dieren) en Tjeerd de Groot (D66). Ut dy antwurden wurdt ek dúdlik dat de garnalefiskerij net foldocht oan in wichtige betingst foar it hawwen fan in fergunning om fiskje te kinnen.

Om te kontrolearjen dat sy net yn ferbeane gebieten fiskje, moasten de garnalekotters in saneamde 'black box' oan board hawwe. Dy lit sjen wêr't der krekt fiske wurdt. De NVWA kontrolearret no sûnder dy gegevens, omdat de 'black boxes' net wurkje.

Garnalenfisker op de Noardsee boppe de Waadeilânnen - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Ester Kuppen fan de Waadferiening

Oer it jaan fan boeten jout it ministearje fan lânbou en natuer ta dat it hiel dreech is om dat te dwaan, omdat je minsken trappearje moatte en ek noch bewize moatte dat soks ynfloed hat op in hiele soarte.

Der binne wol njoggen boeten útdield foar oertrêding fan de natuerbeskermingswet, mar dat bart allinnich as minsken yn gebieten komme dy't ôfsletten binne. Ferwei it grutste part fan it Waad is net ôfsletten en dêr wurde boeten dan ek net útdield.

Hurdfarren

Ek de problemen dy't der binne mei it hanthavenjen fan it hurdfarren wurde troch de minister ûnderkend. Sy ferwiist nei it al rinnende ûndersyk dêrnei ûnder lieding fan Rykswettersteat.

"Ze geven alles toe, maar het lijkt LNV niet veel te schelen", fynt Twadde Keamerlid Frank Wassenberg. "Ik maak me op grond van deze antwoorden nog meer zorgen over het Wad dan ik al deed op basis van de publicaties in de pers van januari."

(advertinsje)