Auto trochriden nei ûngelok

© Omrop Fryslân
De plysje siket de bestjoerder fan in griene auto dy't trochriden is nei in oanriding yn Kollumerpomp. Twa jonges fan 16 en 17 op in scooter moasten op de Soensterdyk útwike en klapten tsjin in beam. Se rekken licht ferwûne.
Nei behanneling troch ambulânsepersoaniel koene se wer nei hûs ta. Minsken dy't mear witte oer it ûngelok of oer de bestjoerder fan de griene auto wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje