Jeugdfonds Sport Friesland yntrodusearret nije ambassadeurs

Mear bern út earme famyljes moatte de kâns krije om te sporten of wat mei kultuer te dwaan. Dat is it doel fan de kampanje fan Jeugdfonds Sport Friesland en Jeugdfonds Cultuur Friesland. It fûns hat no twa nije ambassadeurs, keatser Tjisse Steenstra en Cambuur-fuotballer Robbert Schilder.
© Jeugdfonds Sport Friesland
Sy binne foarige wike yntrodusearre by in gearkomste fan Cambuur Verbindt. Dat is in inisjatyf fan de Ljouwerters om betelle fuotbal ek maatskiplike betsjutting te jaan.
Earder waarden fuotbaltrainer Henk de Jong, Aris-basketballer David Michaels, Flyers-spilers Tony Demelinne en Fabienne Gooijer en akteur Rutger Hauer al bekend makke as gesichten fan de kampanje. It doel fan de kampanje is om mear omtinken te krijen foar it Jeugdfonds Sport & Cultuur Friesland.