Stedsomropper foar Snits

10 nov 2011 - 11:32

Snits krijt in eigen stedsomropper. It giet om Jan Sjoerd de Vries, eigner fan in grientewinkel yn 'e stêd. Hy is de earste stedsomropper fan Snits. Yn desimber wurdt er offisjeel ynstallearre. In stedsomropper ropt berjochten om by eveneminten en kin ynset wurde foar aktiviteiten yn de hoareka.

De Vries wie ien fan de ynwenners fan Snits dy't reagearre op in advertinsje fan Sneek Promotion foar in stedsomropper. De Snitser is bekend mei it fenomeen, want syn heit is stedsomropper yn Drylts.

Trefwurden: 
Snits stedsomropper
(advertinsje)