Piano stellen út hoarekagelegenheid

10 nov 2011 - 11:24
Foto: Omrop Fryslân

Ut in hoarekagelegenheid oan de Fjoertoerwei op 'e Lemmer is woansdeiteûn in fleugel stellen. De eigner wie om fiif oere fuortgien út 'e saak wei. Doe't er om acht oere weromkaam, ûntduts er de stellerij.

De plysje is no op syk nei de fleugel. It is ûnbekend hoe't de dieders de saak ynkaam binne.

Trefwurden: 
stellerij piano fleugel
(Advertinsje)
(Advertinsje)