Stellen guod ynruilje foar jild

10 nov 2011 - 11:20
Foto: Omrop Fryslân

De plysje is op syk nei winkels dy't it slachtoffer wurden binne fan in oplichter. In 38-jierrige man sûnder fêst wenplak woe guod yn in winkel yn Snits ruilje foar jild. By syn oanhâlding troch personiel fersette er him heftich.

De dieder koe dochs oerdroegen wurde oan de plysje, dy't him meinaam hat foar ûndersyk. Dêr die út bliken dat er it ek op oare plakken besocht hie. It giet ûnder oare om winkels yn Boalsert, Ljouwert en Dokkum. De plysje freget dy winkels harren te melden.

Trefwurden: 
stellerij winkel
(Advertinsje)
(Advertinsje)