Pinpasdieven aktyf yn Fryslân

10 nov 2011 - 11:03

De plysje warskôget foar East-Europeeske pinpasdieven dy't aktyf binne yn de provinsje. Twa froulju yn Wolvegea en Easterwâlde binne dêr it slachtoffer fan wurden.

In frou út Wolvegea stie te pinnen doe't twa manlju achter har kamen te stean. Se seagen hokker koade se yntoetste, pakten de pas ôf en joegen har in ûnjildige pas. Doe't de frou wer pinne woe, slagge dat net. Dêrop blokkearre se har pas. Fan in oare frou is de bankrekken leechhelle. De plysje seit dat der op it stuit meardere gefallen fan pinpasstellerij bekend binne en ropt minsken op om tige alert te wêzen by it pinnen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)