Soargen by VVD-keamerleden oer fargeul Amelân-Holwert

De VVD yn de Twadde Keamer makket him soargen oer de nije fargeul op de rûte tusken It Amelân en Holwert. De bochtôfsnijing waard goed twa wiken lyn feestlik yn gebrûk nommen, mar smyt noch net de tiidswinst op dy't de bedoeling wie.
De fearboat en wettertaksy nei It Amelân © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Rykswettersteat hat noch mear yngrepen op steapel stean om wat te dwaan oan de fertraging fan de fearboat tusken it eilân en de fêste wâl.
De VVD wol fan de minister witte wat de planning is fan dy oare maatregels en wannear't der mear sicht is op in definitive oplossing fan de ferbining Nes-Holwert.