Lemster besocht alve bern yn bestelbuske te lokjen

30 apr 2019 - 14:34

In 55-jierrige ynwenner fan De Lemmer sit al sa'n fiif moannen fêst om't er ferline jier op ferskate plakken yn Fryslân besocht hat om bern yn in bestelbuske te lokjen. Dat die tiisdeitemoarn bliken by in pro-formasitting yn de rjochtbank.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De man hat ferline jier yn ûnder oare Damwâld, Ie, Eksmoarre en Frjentsjer besocht om alve jonkjes en famkes mei te nimmen. De bern wiene tusken de njoggen en trettjin jier âld.

De advokaat fan de man wol dat de reklassearring ûndersyk docht nei mooglik elektroanysk tafersjoch. Neffens har is de detinsje dreech foar syn kliïnt. De saak wurdt op 9 july ynhâldlik behannele.

(Advertinsje)
(Advertinsje)