Fries Museum keapet blomstillibben fan Ljouwerter keunstner

30 apr 2019 - 13:49

Mei help fan de Vereniging Rembrandt en it Dorodarte Kunst Fonds hat it Fries Museum in blomstillibben kocht fan François de Geest (1627-1682) út Ljouwert. Op it wurk út 1653 is in faas te sjen fan blauwyt porslein, mei roazen en omjûn troch flinters, rûpen en krobben.

François de Geest - Foto: Fries Museum

De tekening fan de Fryske keunstner is taheakke oan de útstalling Verzameld werk: de rijke collectie van Friesland. It is in grutte tafoeging oan de kolleksje, lit it Fries Museum witte. In stillibben mei blommen hie it museum yn Ljouwert noch net.

François de Geest (1627-1682) is hikke en tein yn Ljouwert en komt út in keunstnersfamylje. De Geest wie in grut leafhawwer fan tunen. Wurk fan syn hân komt selden of nea op de keunstmerk.

De Geest konsintrearre him op de detaillearre werjefte fan in pear blommen mei of sûnder glânzjende ynsekten. Net mei oermjittige boeketten, in populêr ûnderwerp yn de santjinde iuw.

(Advertinsje)
(Advertinsje)