Ofbrând strânpaviljoen yn Starum yn maaie wer iepen

30 apr 2019 - 12:15

Ein maaie sil strânpaviljoen De Potvis yn Starum wer iepen. Eigener Barber de Vries hat dêrfoar in hurde deadline steld. "Het moet voor Hemelvaart klaar zijn. Daar wordt met man en macht aan gewerkt en dat gaat ons lukken." It strânpaviljoen brânde ferline jier folslein ôf.

Der is flink ynvestearre yn it nije ûnderkommen. Dit komt foar in grut part om't de ynboel net fersekere wie. "Het was een grote aderlating, omdat bijna alles wat hierin zat verloren is gegaan. De kracht van brand was ongelofelijk."

Mei it nije ûnderkommen wol de eigener yn elts gefal tritich jier foarút kinne.

Sfear

Der feroaret hiel wat oan De Potvis. Sa foldocht it nije gebou oan de moderne easken. Ien fan de ferskillen is bygelyks dat der no ek in ynfalidehúske yn komt. Dêr wie gjin plak foar yn it âlde paviljoen.

Neffens De Vries sil it nije ûnderkommen neat feroarje oan de sfear. "Het materiaal is compleet anders, maar we hopen dat de sfeer hetzelfde blijft. De sfeer wordt gelukkig voor het grootste gedeelte bepaald door de mensen die er werken."

Ferslachjouwer Bauke Deelstra yn Starum

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
(Advertinsje)
(Advertinsje)