Motorrider rekket lichtferwûne by ûngelok op Wâldwei
Op de Wâldwei (N31) is tiisdeitemoarn in auto achterop in motor riden. It ûngelok barde by de ôfslach Ljouwert-East en soarge foar fertraging op de wei tusken Garyp en Ljouwert. De motorrider rekke lichtferwûne.
Nei it ûngelok die de plysje ûndersyk nei de tadracht. Hjirfoar moast ien rydstripe ôfset wurde, wêrtroch't fertraging foar it ferkear ûntstie.