Jonge (15) hat 85 nitraatbommen thús
De plysje hat yn Hurdegaryp 85 nitraatbommen yn beslach naam. De bommen wiene fan in 15-jierrige jonge út Hurdegaryp. Hy hie ien nitraatbom by him doe't in plysje woansdei ûndersyk die nei fjoerwurkoerlêst en him oanspruts. By de jonge thús fûn de plysje de oare bommen. Tsjin de jonge is proses-ferbaal opmakke.