Konduktrise mishannele yn trein

Arrivatrein yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Yn de trein fan Grins nei Ljouwert is woansdeitejûn in konduktrise mishannele. De frou frege in 46-jierrige man út De Westereen om in jildich treinkaartsje, mar dy hie de man net. Doe't de konduktrise him om syn legitimaasje frege waard er lilk en pakte har earm. De frou rekke dêrby ferwûne.
De man is op it stasjon fan Ljouwert oanhâlden en meinaam nei it plysjeburo. De konduktrise is ûndersocht yn it sikehûs en koe nei in behanneling wer nei hûs.