Krije de finzenen yn De Marwei ek iisko's yn 'e simmer?

30 apr 2019 - 11:43

In slushmasine yn finzenissen, om de kâns op fjochtpartijen yn de waarme simmermoannen sa leech mooglik te hâlden. Yn guon finzenissen yn Nij-Seelân dogge se dat al, sa kaam dizze wike yn it nijs.

De Marwei yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

Mar hoe sit dat mei finzenen dy't yn De Marwei yn Ljouwert sitte? Krije sy ek iisko's yn 'e simmer? Dêroer fertelde tiisdeitemoarn direkteur Toon Molleman fan De Marwei by it radioprogramma Muzyk yn bedriuw.

Direkteur Toon Molleman fan De Marwei

"Bij heel warm weer geven wij de gedetineerden wel eens een raketijsje", seit Molleman. "Maar dat zijn uitzonderingen. Verder hebben de gevangenen het bij ons niet luxe, maar ze krijgen wel wat ze nodig hebben."

Iten en drinken

En hoe sit it fierder mei hapkes en drankjes yn 'e finzenis? "De gedetineerden krijgen een warme maaltijd en spullen voor het ontbijt. Daarnaast kunnen zij uiteraard water uit de kraan in hun cel drinken. In de verstrekking die de gevangenen krijgen zit ook koffie en thee, maar dat is niet onbeperkt."

Njonken it rjocht op in waarm miel meie finzenen ek yn elts gefal ien oere deis nei bûten. "Er zijn soms wel extra mogelijkheden om naar buiten te gaan", neffens de direkteur. "Bijvoorbeeld tijdens sportactiviteiten, of als het erg warm is."

Telefyzje

Wolle detinearren in telefyzje op harren sel hawwe, dan moatte sy dêrfoar betelje. "Dat geld wordt verdiend op de arbeidszaal en daarmee kunnen ze bijvoorbeeld een televisie huren. Bij slecht gedrag kan de tv wel verwijderd worden en ook is maar een beperkt zenderaanbod beschikbaar. Toegang tot internet is er bij ons bijna niet, behalve in ons re-integratiecentrum, onder begeleiding."

Oer de algemiene foarsjenningen fan de finzenen yn De Marwei is Molleman dúdlik: "Het is zeker niet luxe, maar wel menselijk. De gevangenen hebben wat ze nodig hebben".

Trefwurden: 
De Marwei finzenen
(advertinsje)
(advertinsje)