Hok folslein útbrând op De Gordyk, twa hûnen omkommen

30 apr 2019 - 10:56

De brânwacht fan De Gordyk moast tiisdeitemoarn útride nei in brân op de Tsjerkewâl. Doe't de helptsjinsten by de brân oankamen, sloegen de flammen al út it dak. It giet om in frijsteand hok njonken in wenhûs.

Foto: Srfotografie

De brânwacht sette fuortendaliks útein mei it bestriden fan it fjoer en krige de brân al gau ûnder kontrôle. By de brân binne twa hûnen omkommen; in tredde koe noch rêden wurde.

Undersyk troch in spesjalisearre bedriuw hat yntusken útwiisd dat der by de brân gjin asbest frijkaam is.

Trefwurden: 
brânwacht brân De Gordyk
(advertinsje)