Goed twa persint fan de Ljouwerter bern yn jeugdbeskerming

30 apr 2019 - 10:37

Twongen maatregels fan in rjochter waarden yn Ljouwert yn 2018 by goed twa persint fan de bern oplein om harren te beskermjen. Dit binne maatregels lykas út it út hûs pleatsen en it ûnder fâdij pleatsen fan in bern. It Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) bringt dizze sifers tiisdei nei bûten.

Foto: ANP

Wannear't de sûne en feilige ûntwikkeling fan in bern faai stiet en frijwillige help oan de famylje net wurket, kin in rjochter oergean ta dizze maatregels. Dit bart bygelyks by húslik geweld of as der sprake is fan bernemishanneling. It persintaazje yn Ljouwert leit relatyf heech; op 2,06 persint om krekt te wêzen. Yn mar tolve oare Nederlânske gemeenten leit dit persintaazje noch heger. Yn de grutte mearderheid fan de 380 gemeenten lei it persintaazje yn 2018 leger.

It CBS publisearret tiisdei sifers oer 2018 oer jeugdsoarch. De jeugdsoarch is tsjintwurdich de ferantwurdlikheid fan de gemeenten. Under jeugdsoarch falle njonken jeugdbeskerming ek jeugdreklassearring en jeugdhelp.

Jeugdhelp

Ek op it mêd fan jeugdhelp sit Ljouwert by de gemeenten mei de heechste skoares. Hast 15 persint fan alle bern yn Ljouwert krijt jeugdhelp. As minderjierrigen bygelyks psychyske problemen hawwe, wurdt jeugdhelp ferliend. Ek help oan bern mei in ferstanlike beheining of help oan âlden mei problemen mei de opfieding falle hjirûnder.

Lytse delgong

It part fan de Ljouwerter bern dat jeugdbeskerming krijt, is in lyts bytsje delgien yn fergelyk mei de ôfrûne jierren. Yn 2017 wie dat bygelyks 2,3 persint. Wol leit it persintaazje struktureel heger as it lanlik trochsneed. Dat leit sûnt 2015 op 1,2 persint.

Ek it oandiel fan bern út ús haadstêd dat jeugdhelp krijt, leit heger as it lanlik trochsneed. Lanlik krige tusken de 10 en 12 persint fan de minderjierrigen jeugdhelp yn de ôfrûne fjouwer jier. Yn Ljouwert is dat oandiel struktureel heger, mei in útsjitter nei 19 persint yn 2017. Hast ien op de fiif bern út Ljouwert krige yn dat jier help foar bygelyks psychyske problemen of hie âlden dy't help krigen mei de opfieding.

Trefwurden: 
Ljouwert CBS jeugdsoarch
(advertinsje)