Sjittende Spitfires en blazende bommen yn fernijd Kazemattenmuseum

30 apr 2019 - 10:12

Enoarme knallen en ratteljende mitrailleurs. Dat is wat je hearre wannear't je fan dizze moanne ôf yn it Kazemattenmuseum op de Ofslútdyk komme. De rêstige útstalling yn de âlde bunkers is ferfongen troch flitsende presintaasjes mei lûd en byld. Ek is de folsleine hússtyl fan it museum oars wurden.

It doel fan al dy feroaringen? In mear profesjoneel museum te wurden en klear te wêzen foar de ferwachte groei yn it tal besikers. Dat der mear besikers komme, dêr binne se by it Kazemattenmuseum wol wis fan.

25.000 besikers

De komst fan it nije Wadden Centrum en yn de takomst de fiskmigraasjerivier sil foar in nije oanfier fan toeristen soargje. By it museum tinke se de kommende jierren ta te groeien nei 25.000 minsken it jier en dat oantal moat hieltyd mear oprinne.

Dat koe net yn de âlde opset. Der moast wat feroarje, fûnen se. It museum is yn de tachtiger jierren opset en sûnt doe wie der eins neat feroare. De kazematten wiene ynrjochte yn fêste opstellingen om in yndruk te jaan fan it libben yn de bunkers. "Mar in echte ferhaalline siet dêr net yn", seit Anne van Schepen fan it museum.

"Dat is eins net mear fan dizze tiid. Minsken wolle it komplete ferhaal belibje en dus hawwe wy der no in gronologyske line yn oanbrocht", seit Van Schepen.

Film en lûd

En dus kinne je no yn de iene kazemat besjen hoe't de gefjochten giene, wylst je efkes fierderop samar yn it ferhaal fan de Dútske besetting sitte. Dat alles is oanklaaid mei film en lûd. "Op guon plakken yn it museum hingje sensoaren. As je dêr by del rinne dan wurde de effekten oan setten. Sa kin der bygelyks samar in masinegewear ôf gean."

Ek de webside fan it museum en it oare promoasjemateriaal hat in nije útstrieling krigen, mar noch net alles is klear. Sa wurde de achterste kazematten fan it museum noch omboud. Ein dizze moanne moat alles klear wêze.

(advertinsje)