Refalidaasjesintrum docht iepen foar Beau: "Spannend, mar moai"

Altyd al witte wollen hoe't it der yn it refalidaasjesintrum yn Beetstersweach oan ta giet? Ein ferline jier hat it programma Beau Five Days Inside de klinyk fan Revalidatie Friesland besocht. Folgjende wike tiisdei komt it resultaat op telefyzje. "In hiel moaie útstjoering", seit Matthijs Bergsma fan Revalidatie Friesland.
Beau van Erven Dorens © ANP
Matthijs Bergsma fan Revalidatie Friesland oer de opnamen
Yn Beau Five Days Inside ferbliuwt presintator Beau van Erven Dorens in wike lang yn in ynstelling dy't normaal sprutsen ticht bliuwt foar it grutte publyk. In suksesfol konsept, want ferline jier wûn it programma de Gouden Televizier-Ring.
Faak moatte sy dingen opnij leare, lykas prate, lêze, skriuwe of rinne. Dat makket it emosjoneel.
Matthijs Bergsma
De bylden dy't Beau Five Days Inside makket, wurde faak heftich fûn. "Ek dy by ús is wol heftich", seit Bergsma, koördinator marketing en kommunikaasje by Revalidatie Friesland. "Minsken dy't by ús ferbliuwe sitte yn in lestige situaasje en hawwe te meitsjen mei drege problematyk. Guon hawwe krekt in ûngelok hân of in beroerte. Faak moatte sy dingen opnij leare, lykas prate, lêze, skriuwe of rinne. Dat makket it emosjoneel."

Grutte stap

Bergsma jout oan dat it in grutte stap wie foar it refalidaasjesintrum om de doarren iepen te dwaan. "Wy hawwe minsken yn ús sintrum dy't yn in kwetsbere situaasje sitte. Dêr moatte jo wol goed rekken mei hâlde en soargje dat sy gjin lêst hawwe fan in telefyzjegroep."
Dochs die de klinyk iepen. "Wy hawwe soarchfâldige petearen hân mei de producer. Uteinlik hawwe wy besletten om mei te dwaan, omdat se soarchfâldich operearje en dat we de ôfspraak makke ha dat se net samar mei de kamera earne nei binnen rinne, mar altyd minsken fan tefoaren even freegje oft se harren folgje meie. Dêrneist hat de yntegere oanpak fan Beau en syn producer foar ús de trochslach jûn."

Telefyzjeploech oer de flier

Bergsma seit dat de gearwurking mei RTL goed befallen is. "It wie wol spannend fan tefoaren. Benammen ek foar it personiel. Hellest wol ynienen in telefyzjeploech binnen. Dat is net neat. Omdat se yn in lyts team operearje, trije man, wie it al hiel fluch dat se harren plakje fûnen. Dêrtroch wiene minsken gerêst."
Wat wie foar it refalidaasjesintrum de reden om ja te sizzen? "We wolle sjen litte wat de ynhâld is fan medysk spesjalistyske refalidaasje. It is noch best ûnbekend wêr't minsken mei te meitsjen ha wannear't se by ús ferbliuwe. Dêrneist wolle we sjen litte wat de mooglikheden binne om by ús wer better te wurden. Dêr woene we mear iepenheid oan jaan."
Foardat de ôflevering op de lanlike telefyzje útstjoerd wurdt, hat Bergsma de bylden al sjoen. "Dat wie ek ien fan de ôfspraken. It is in hiel moaie útstjoering wurden."
Beau Five Days Inside wurdt tiisdeitejûn 7 maaie útstjoerd fan 20.30 oant 21.30 oere op RTL 4.