Kollum: "It poepdilemma"

30 apr 2019 - 08:23

"Gewoanwei is it in died dêr't je net by stilstean. Nei de kofje begjinne de terms op te spyljen. Benammen de grouwe term kloppet ûngeduldich op de achterdoar. Men rint nei de wc, de achterdoar iepenet har en men docht jins behoefte. In simpele, deistige hanneling dêr't je net oer hoege te prakkesearjen. Oant it momint dat der in pears kefert op 'e matte leit."

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

"Op dat kefert stiet mei grutte letters it wurd 'Zelfafnametest'. It giet om in screening foar it opspoaren fan termkanker, in befolkingsûndersyk dêr't yn 2014 in begjin mei makke wurden is. Dat kefert op 'e matte sette by my in psychologysk proses út ein, dat ik it poepdilemma neam.

Yn 't foarste plak betsjutte it dat it kefert op de kast kaam te lizzen. Ik wifke oer dielname. Minsken om my hinne begrepen dat net. Dy seine: 'Wat hast te ferliezen?' Screening wurdt oanbean oan minsken dy't gjin symptomen of klachten ha, want hiest dy wol hân dat hiest dêrmei nei dokter ta gien. Sa'n ûndersyk makket dus pasjinten fan sûne minsken.

De reden dêrfoar is previnsje. Men kin in sykte ûnder de lea ha sûnder dat men it fernimt. Dat kin ek kanker wêze. In previntyf ûndersyk kin betsjutte dat dokters op 'e tiid yngripe kinne, en sadwaande in protte lijen en in te betide dea foarkomme.

Dat gegeven sette by my it poepdilemma oan. Want in sykte dy't gjin klachten jout, hoecht net út te groeien ta ien dy't dat wol docht: it beruchte 'je gean der net oan dea, je gean der mei dea'. Net alle tumoaren binne deadlik. Dat wat myn dilemma ek fuorre wiene de saneamde foutpositiven, minsken dy't de sykte dochs net blieken te hawwen, en foutnegativen, minsken dêr't ûnrjochtlik tsjin sein waard fan 'ha mar gjin noed'.

Wat ek net holp wie it ferhaal fan in man waans libben nei de kloaten gien wie troch sa'n foutposityf. In warbere, sûne keardel dy't troch in ferkearde diagnoaze de medyske mûne yn rekke, en dêr troch allegear ûnnedige en skealike medyske yngrepen as hertpasjint útkaam.

It antwurd op de fraach 'wat hast te ferliezen' kin dus wêze: jo sûnens. Soks wurdt bykommende skea neamd. Yn it algemien binne de measte minsken banger foar it gegeven dat tumoaren net opmurken wurde, as foar de gefolgen fan foutpositiven.

Dêr komt by dat net ien him of har achterôf ferwiten hoecht te meitsjen as se kanker krije. Se ha troch oan screening mei te wurkjen alles dien om sûn te bliuwen. Soks yn tsjinstelling ta ien dy't dat net dien hat, dy't ek kanker kriget en dêr't fan tocht en sein wurdt: eigen skuld, hiest dy mar tsjekke litte moatten.

Spitigernôch ken ik fierstente folle minsken dy't mei kanker te krijen ha. Dêr binne foutnegativen by, minsken dy't earst te hearren krigen dat alles okee wie, mar dat dochs oars útpakte; oant minsken dy't troch in befolkingsûndersyk mei kanker konfrontearre waarden en noch op 'e tiid holpen wurde koene.

Der leit in pears kefert op de kast. Yn de ynformaasjefolder stiet dat net ien screening wetterticht is. De grouwe term begjint wilens ûngeduldich op de achterdoar te klopjen. Ik wifkje."

(advertinsje)