Drylts komt yn aksje foar soarchkompleks Nij Ylostins

Drylsters komme yn aksje foar soarchkompleks Nij Ylostins. Nije wike tiisdei sille sy in de rûnte om it kompleks hinne stean. Se wolle mei dy aksje dúdlik meitsje dat de 42 bewenners diel fan harren stedsmienskip binne en dat se harren net samar gean litte wolle.
Drylts komt yn aksje foar Nij Ylostins
Nij Ylostins stiet faai omdat de eigener, wenningkorporaasje Elkien, net mear yn it ferâldere gebou ynvestearje wol. De organisearjende groep Dryltsers hopet dat der troch de aksje in nije dialooch komt mei Elkien, soarchorganisaasje Patyna en de gemeente Súdwest-Fryslân.
"Zij moeten gaan inzien wat ze de oudere mensen aandoen, als dit wordt gesloopt. Dit is wel de generatie die ons land heeft opgebouwd. Misschien mag ik het niet zeggen, maar ik zeg het toch: op deze manier worden de bewoners preventief geruimd voor een groter doel, wat dat ook moge zijn", seit aksjefierder Joke Schilling. "We zijn pisnijdig en hebben er vertrouwen in dat de IJlsters opstaan en dit niet laten gebeuren."