Measte jeugdsoarch yn Fryslân yn gemeente Ljouwert en gemeente Smellingerlân

30 apr 2019 - 06:10

Yn 2018 krige yn Fryslân yn de gemeente Ljouwert en gemeente Smellingerlân sa'n ien op de tsien bern jeugdsoarch, dat docht bliken út sifers fan it CBS. Op de Fryske Waadeilannen, gemeente Harns en gemeente Waadhoeke waard it minste gebrûk makke fan jeugdsoarch.

Jeugdsoarch - Foto: Shutterstock.com

Neffens de sifers fan it CBS krigen yn 2018 yn it lân 428.000 jongeren jeugdsoarch, dat is ien op de tsien bern. Foaral jongerein út Limboarch en it noardeasten fan it lân krigen jeugdsoarch. Fryslân sit dêr tuskenyn.

It tal jongeren dat jeugdsoarch kriget, rint sûnt 2015 op. Doe wiene it lanlik 380.000 jongeren. Jeugdsoarch is bedoeld foar bern oant 18 jier en kin ferlinge wurde oant 23 jier.

(Advertinsje)
(Advertinsje)