Organisaasje Fytsalvestêdetocht warskôget foar falske startkaarten

29 apr 2019 - 22:28

De organisaasje fan de Fytsalvestêdetocht warskôget foar de ferkeap fan falske startkaarten. Op harren webside ûntdutsen se ferkeapers dy't in kaart oanbeaen fia de 'fraach- en oanbodpagina', wylst se hielendal gjin kaart hiene.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Om kaarten te ferkeapjen moatte kaarthâlders in account oanmeitsje op de webside. Sa ûntduts de organisaasje dat der ek ferkeapers wiene dy't gjin kaart hiene. Dy ha se no fan harren webside ôfhelle. Dochs warskôgje se minsken om alert te wêzen by it oerkeapjen fan in startkaart.

(advertinsje)
(advertinsje)