Anja Haga fan ChristenUnie: "Net mei FvD yn deselde Europeeske fraksje"

29 apr 2019 - 21:47

De ChristenUnie wol net yn in Europeeske alliânsje mei it Forum voor Democratie yn it Europeeske Parlemint. Dat seit Anja Haga, de nûmer twa foar de ChristenUnie foar de kommende Europeeske ferkiezingen.

Anja Haga út Dokkum merkt dat de Europeeske Unie net sa populêr is. "Europa is fier fuort foar de minsken. Sy tinke by Europa ek oan: folle regels, of 'dêr ha we lêst fan'." Neffens Haga is it krekt yn it Europeesk parlemint dêr't je it ferskil meitsje kinne. "Ik wurkje ek by Staatsbosbeheer en bin in soad dwaande mei natuer. As je nei de natuer sjogge, in soad regeljouwing komt út Europa. As ik dêr wat yn betsjutte wol, dan moat ik nei Brussel, want dêr wurde de echte besluten naam. Dus Europa docht der wis wol ta."

Yn it Europeeske parlemint is plak foar 751 Europarlemintariërs. Nederlân hat der 26 sitten. Hat Nederlân dêr wol wat te sizzen? "Us listlûker dy't der al 10 jier sit, hat al hiel wat betsjutte kinnen foar bygelyks fiskerij en sa. Wy falle dêr net fuort."

Net mei Forum voor Democratie

Har partij makket diel út fan it gearwurkingsferbân Conservatieven en Hervormers, en dêr wol Thierry Baudet him ek by oanslute. De ChristenUnie ferset him dêrtsjin. "Der binne wy net sa hiel bliid mei. De fraksjes wurde foarme nei de ferkiezing. Wy sille as ChristenUnie tsjin Forum voor Democratie stimme, dat sy oanslute by de fraksje dêr't wy ynsitte. As it oan ús leit sil it net barre, mar we witte net hoe't de kaarten lizze."

Frou-ûnfreonlik

Minder muoite hat Haga mei de gearwurking mei de SGP, in partij mei in frijwat frou-ûnfreonlik stânpunt. De frou spilet nammentlik gjin rol by de SGP, dochs stiet Haga op de list mei SGP. "Ik gean fan myn eigen krêft út. Ik leau yn gelikenens fan man en frou. Nettsjinsteande harren frouljustânpunt. Dat is de frijheid fan eigen mieningsutering."

Lege opkomst by Europeekse ferkiezingen

In probleem by de Europeeske ferkiezingen is dat de opkomst faak leech is, de foarige kear minder as 40 persint. Minsken nimme net mear de muoite om te stimmen. Dy opkomst fynt Haga wol in punt fan oandacht, mar se fynt it net minder demokratysk. "Minsken dy't stimme, dy ha keazen", seit se sûnder omwynsels. Dochs soe se graach sjen dat de opkomst heger wurdt.

De Europeeske ferkiezingen binne yn ús lân op 23 maaie, de útslach komt dan op 27 maaie. As Anja Haga, fan Dokkum, yn it Europeesk Parlemint komt is se de twadde Fries, nei VVD'er Jan Huitema.

(advertinsje)
(advertinsje)