PC Frjentsjer rjochtet eksklusyf selskip op

De Keninklike PC rjochtet it PC Selskip op. It is ien fan de inisjativen fan de PC om it keatsen foar de jongerein te stypjen. Fan it wykein begjint ek de foarferkeap foar de 166-ste PC. Minsken kinne lid wurde fan dat Selskip en sa fia de PC it keatsen foar de jongerein stypje.
© Henk Bootsma
Lid wurde fan Selskip kin foar 250 euro yn it jier eksklusyf BTW. Der kinne maksimaal safolle minsken lid wurde fan Selskip as dat der PC 's ferkeatst binne. Dat betsjut dat der dit jier maksimaal 166 minsken lid wurde kinne fan Selskip. Takom jier komt der ien by.
Foar it bedrach fan 250 euro krije de leden fan it Selskip twa tagongskaarten per jier foar de PC, in spesjaal Selskip spjeldsje, in oarkonde en in útnûging foar in Selskipsjûn yn de winter.

Gjin sakeklup

Selskip moat neffens PC lid Gert Jan Breman net in soarte fan sakeklup wurde, mar is bedoeld foar alle minsken dy't justjes mear oer hawwe foar it keatsen en de PC finansjeel stypje wolle by it opsetten fan nije inisjativen foar it keatsen ûnder de jongerein.
Ald-keatser Dirk Jan van der Woud is ien fan de ambassadeurs fan dit nije Selskip en sil him ek dwaande hâlde mei it útfieren fan nije inisjativen. Van der Woud stie mei de PC en de KNKB ek al oan de basis fan de nije junioarenkompetysje.