Jong SC Cambuur spilet lyk tsjin beloften De Graafschap

29 apr 2019 - 21:07

Jong SC Cambuur hat lyk spile tsjin Jong De Graafschap. Cambuur stiene by it skoft 0-2 efter, mar slagge der yn de twadde helte dochs yn om in 2-2 lykspul ôf te twingen.

De seleksje fan Jong SC Cambuur - Foto: www.dijksfotografie.nl

De Graafschap kaam nei in goed healoere op foarsprong en makke der yn de 42e minút ek noch 0-2 fan. Cambuur hie it lykwols noch net opjûn en koe yn de twadde helte werom komme.

Yn de 54e minút makke Dean Guezen de 1-2. Yn de 78e minút slagge it om de lykmakker te meitsjen. De 2-2 kaam op namme fan Matias Jones.

Cambuur klimt troch it lykspul nei it sânde plak yn pûl B fan de reservekompetysje.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)