Jong SC Hearrenfean te sterk foar Jong VVV/Helmond Sport

29 apr 2019 - 21:02

Op Sportpark Skoatterwâld ha de beloften fan SC Hearrenfean mei 4-1 wûn fan Jong VVV/Helmond Sport. De Feansters wiene oerhearskjend en skoarden yn beide helten twa kear. Troch de oerwinning klimme de beloften nei in twadde plak op de ranglist.

Foto: Orange Pictures

Hearrenfean kaam nei in healoere op foarsprong. It doelpunt waard makke troch ferdigener Vanja Drkusic. Twa minuten letter wie it alwer raak foar de Feansters, dit kear troch Emil Frederiksen, dy't de 2-0 rêststân op it skoareboerd sette.

Yn de twadde helte die Koen Wesdorp noch wat werom troch de 2-1 te meitsjen, mar Hearrenfean liet it der net by sitte en makke fia Jizz Hornkamp de 3-1. Fjouwer minuten letter makke Nemanja Mihajlovic ek noch de 4-1.

Omdat Jong SC Cambuur en Jong De Graafschap lyk spilen, hellet Hearrenfean it team út Doetinchem yn op de ranglist fan pûl B fan de reservekompetysje. It stiet it no twadde, efter koprinner Jong Go Ahead Eagles.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)