Bûtenpost giet hurd ûnderút tsjin leechfleaner WHC

29 apr 2019 - 20:57

VV Bûtenpost is thús mei 1-4 ûnderút gongen tsjin WHC út Wezep. De besikers stienen twa plakken ûnder Bûtenpost, mar wiene fiersten te sterk.

Trainer René van der Weij (argyffoto) - Foto: www.orange-pictures.nl

Bûtenpost begûn de wedstriid wol mei in pear kânsen, mar WHC wie it tichtst by in goal. Earst misten trije spilers fan de útploech de bal yn it strafskopgebiet. Efkes letter rekke in spiler de bal ferkeard doe't hy ien-op-ien foar de keeper kaam.

Yn de 27 minút skoarde Jelle Post fan WHC de 0-1. Nei noch in pear kânsen foar WHC makke Jochem Oude Booijink de 0-2 neidat hy de bal meikrige.

Nei it skoft die trainer René van der Weide in oanfallende wiksel. Bûtenpost spile dêrtroch oanfallender en dat soarge ek foar in goal. Yn de 59e minút krigen de 'Blaukes' in frije traap, dy't troch Joost Jelle Visser binnen sketten waard.

In kertier letter krige Bûtenpost dé kâns op in lykmakker mei in penalty, mar Visser koe dizze net fersulverje. Net folle letter makke WHC-spiler Mitchel Dijkhof fia in frije traap de 1-3, in pear minuten letter wie it Jelle Post dy't ek noch de 1-4 makke.

Mei noch fjouwer wedstriden te gean stiet Bûtenpost tolfde yn de Haadklasse B. WHC bliuwt twa plakken ûnder Bûtenpost.

Trefwurden: 
fuotbal VV Bûtenpost
(advertinsje)