'Mear boargerhelpferlieners nedich om libbens te rêden nei reanimaasjemelding'

29 apr 2019 - 20:28

It opropsysteem fan HartslagNu ropt nei in reanimaasjemelding helpferlieners yn in striel fan 750 meter op. Earder wie dy ôfstân 1.500 meter, mar is ferlytse om't in lytsere ôfstân better wurket yn de stêd. Yn de bûtengebieten wurde dêrtroch te min minsken oproppen. In gruttere ôfstân soe neffens HartslagNu op himsels besjoen net mear minsken rêde kinne, mar in heger tal boargerhelpferlieners wol.

In AED-apparaat - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Neffens wurkgroep Hart voor Jubbega/Hoornsterzwaag ferstjerre der ûnnedich minsken, trochdat der te min helpferlieners oproppen wurde yn de bûtengebieten. De gelikense noarm foar de stêd en gebieten dêr't minder minsken wenje, lykas it Fryske plattelân, is einliks net reëel.

HartslagNu seit dat it fergrutsjen fan de opropstraal net betsjut dat der mear minsken rêden wurde kinne, mar in grutter tal boargerhelpferlieners kin dêr wol foar soargje. Der binne neffens HartslagNu situaasjes dêr't in gruttere ôfstân noch hieltyd net genôch helpferlieners oproppe sil.

Oprop hat faak sukses

Neffens HartslagNu is it opropsysteem foar reanimaasje opsetten as oanfolling op de profesjonele helptsjinsten. As der in oprop op in reanimaasjemelding dien wurdt, dan hat de oprop faak sukses. Dochs binne der útsûnderingen, lit de organisaasje witte. Dat is twa persint fan it totaal.

De organisaasje hat keazen foar in ôfstân fan 750 meter, om't yn in stêd oars tefolle minsken oproppen wurde, dy't de helpferlieners dan yn it paad sitte. Ek die út ûndersyk fan HartslagNu bliken dat minsken by in ôfstân fan mear as 750 meter net sa gau mear nei it plak fan de oprop gean.

Ferbettering

Yn gearwurking mei Universiteit van Twente dogge se ûndersyk nei in ferbettering fan it warskôgingssysteem. Oan de ein fan dit fearnsjier is it ûndersyk nei alle gedachten klear. Se ferwachtsje yn de hjerst ferbetteringen trochfiere te kinnen.

(advertinsje)
(advertinsje)