Tieme Klompe hâldt fuortendaliks op as trainer Harkemase Boys

Tieme Klompe nimt fuortendaliks ôfskied as trainer fan Harkemase Boys. De âld-Hearrenfeanspiler seit op de webside fan de klup dat 'de tank leech is'. Klompe: "Het is een intensief jaar geweest. Voor mezelf is het beter om op dit moment te stoppen." Klompe hat de spilers moandeitejûn ynljochte.
© Orange Pictures
De 43-jierrige Klompe wie dwaande oan syn earste seizoen as haadtrainer by de Harkiten, dy't yn de tredde difyzje fan it sneonsfuotbal spylje. It wie ek syn earste put as haadtrainer. "Ik heb veel aan Harkemase Boys te danken. Zij hebben me de kans gegeven om hoofdtrainer te zijn. Daar ben ik de club zeer dankbaar voor."
By Harkemase Boys komt it beslút fan Klompe as in ferrassing. "We fine it tige spitich dat Tieme ophâldt", seit foarsitter Albertus Boonstra. De klup respektearret it beslút fan de trainer lykwols. "We wolle him betankje foar syn ynset. It wie noflik om mei him te wurkjen." Oer in opfolger fan Klompe moat de klup noch neitinke.