Behanneling foarstel 'Reinbôgeprovinsje' wer fan aginda Steaten helle

29 apr 2019 - 18:44

Der is noch hieltiten strideraasje oer it foarstel fan PvdA, GrienLinks, SP, D66 en de Partij van de Dieren om fan Fryslân in 'Reinbôgeprovinsje' te meitsjen. In 'Reinbôgeprovinsje' is in provinsje dy't him ynset foar alle minsken mei in oare seksuele oriïntaasje, ûnder oare troch foarljochting en ûnderwiisprojekten. Fryslân is de iennichste provinsje fan Nederlân dy't noch gjin reinbôgeprovinsje is.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

It inisjatyffoarstel 'Reinbôgeprovinsje' stie op de aginda fan Provinsjale Steaten fan 22 maaie, mar is der no wer ôfhelle omdat it sittende kolleezje fan Deputearre Steaten in negative sjenswize nei de Steaten stjoerde. "Fryslân is foar elkenien", skriuwt it kolleezje en dêrom sjocht it provinsjaal bestjoer gjin oanlieding om 'in diel fan de befolking út te ljochtsjen'.

It kolleezje wiist der fierder op dat LHBTIQ's net de iennichste groep is dy't te krijen hat mei diskriminaasje. Ek bûtenlanners en minsken mei in beheining hawwe dêrmei te krijen, mar falle net ûnder it 'Reinbôgefoarstel'.

Fraksjefoarsitter Matthijs Sikkes-van den Berg fan GrienLinks fynt it no better om it inisjatyffoarstel 'Reinbôgeprovinsje' te behanneljen as der in nij kolleezje fan Deputearre Steaten is. Hy fynt de redenaasje fan it sittende kolleezje 'net ferrassend', mar is it der perfoarst net mei iens. "De emansipaasje fan minsken mei in oare geaardheid stiet ûnder druk. Krekt dêrom is it hartstikke nedich om wol Reinbôgeprovinsje te wurden. Ik rekkenje op in grutte mearderheid yn de nije Steaten."

De ôfrûne steateperioade fregen de opposysjepartijen geregeld omtinken foar it tema 'Reinbôgeprovinsje'. Yn jannewaris dit jier waard de reinbôgeflagge noch hise foar it provinsjehûs nei oanlieding fan de saneamde Nashville-ferklearring.

Fraksjefoarsitter Matthijs Sikkes - Van den Berg fan GrienLinks

(advertinsje)