Sportoersjoch: SC Hearrenfean froulju, Formule 2, LDODK, tennis en keatsen

29 apr 2019 - 18:19

Alle moandeis sjogge we yn Fryslân Hjoed werom op de Fryske sportprestaasjes fan it ôfrûne wykein. Sportferslachjouwer Roelof de Vries skoot oan.

De frouljusôfdieling fan SC Hearrenfean is stopset, mar dy smyt wol deeglik wat op. Sa is âld-spylster fan SC Hearrenfean, Vivianne Miedema, snein yn Ingelân útroppen ta spylster fan it jier. Miedema spilet no by Arsenal. Is der noch hoop foar de froulju fan SC Hearrenfean?

De Formule 2-koereur Nyck de Vries, hat dit wykein twa wedstriden yn Baku Azerbeidzjan riden. Yn de earste wedstriid waard hy twadde. Hy lei earste, mar hie in ferkearde pitstop. Syn linker foartsjil waard ferkeard wiksele.

De kuorballers fan LDODK binne noch net klear, want se begjinne no mei it gersseizoen. Oan it begjin fan it sealseizoen wurdt de earste helte spile, nei it sealseizoen wurdt de twadde helte spile. Dêr binne se no mei begûn.

Tennisser Sander Arends fan Ljouwert hie in rige wedstriden yn Azië. Dat gie best aardich mei in heale finale en in finale dêr't hy twadde waard. Dit wykein stie hy yn de finale yn Nanchang yn Sina.

It keatsseizoen is begûn mei de Bangma partij yn Weidum. It wie de earste fan trije ôfdielingspartijen.

(advertinsje)