FIDEO: Jeugd wurdearret twa minuten stilte by deadebetinking

29 apr 2019 - 17:23

De twa minuten stilte op 4 maaie wurdt troch jongeren tige wurdearre. Sa blykt út ûndersyk fan ûnder oare it Nasjonaal Komitee 4 en 5 maaie. It hoecht gjin populêr evenemint of show te wurden. Just de plechtige sfear fan betinken is belangryk, fynt de jeugd. De 16-jierrige Annika Oost fan Frjentsjer mocht ferline jier har gedicht foardrage by de betinking yn de Ljouwerter Prinsetún. Har gedicht hinget sûnt ek yn it Fries Verzetsmuseum yn Ljouwert. Yn Fryslân Hjoed fertelt se hoe't se dizze dagen belibbet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)