'Wedstriid fan de Wike' is neigesetsje foar Aris

29 apr 2019 - 17:20

It seizoen fan Aris duorret yn alle gefallen noch twa wedstriden langer. De Ljouwerter basketballers spylje de play-offs om de Nederlânske titel en nimme it yn de kwartfinale op tsjin Zwolle. Tiisdei is it earste duel, tongersdei de twadde yn It Kealledykje. In mooglik beslissende tredde wedstriid soe snein yn Zwolle wêze. It is de 'Wedstriid fan de Wike' by Omrop Fryslân.

De grutte fraach is wat Aris betsjutte kin tsjin Zwolle. "Want dy ploech einige yn de earedifyzje as twadde en Aris as sânde. De Ljouwerters binne dus swier de 'underdog'", tinkt sportferslachjouwer Andor Faber. "Mar wêr't Aris hoop út helje kin, is dat se yn de lêste ûnderlinge wedstriid op it nipperke ferslein waarden troch Zwolle."

Topskoarer Nick Masterson ûntbruts snein yn de lêste wedstriid foar de play-offs, dy't Aris mei 100-75 ferlear fan Rotterdam. Der is yn it Kealledykje goeie hoop dat hy op tiid fit is.

Wedstriid fan de wike: Aris - Zwolle - Foto: Omrop Fryslân

Yn de 'Wedstriid fan de Wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'.

De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)