Risiko op natuerbrân is werom nei 'normaal'

De kâns op natuerbrân yn Fryslân is werom nei 'normaal'. Dat makket de brânwacht Fryslân bekend. Op de site fan natuurbrandrisico is te sjen dat yn Fryslân no faze 1 jildt. Dat betsjut dat der gjin ekstra maatregels binne.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Oant foar koart wie it noch faze 2: Troch drûchte is der in ferhege kâns op in natuerbrân. Dat ferhege risiko is no dus oer. De brânwacht jout wol oan dat der altyd foarsichtich omgien wurde moat mei fjoer yn de natuer.