Nij boek oer Johannes Wardenier: wie er geniaal of in praatsjemakker?

29 apr 2019 - 16:41

It mystearje Johannes Wardenier wie yn de jierren tritich fan de foarige iuw wikenlang yn it nijs. De 22-jierrige Wardenier wie fan doel in brânstofleaze motor te produsearjen dy't de skiednis feroarje soe. Seis jier wie deroan wurke en der moast yn Wolvegea in fabryk komme dêr't 13.000 minsken wurkje koene, mar it hele feest gie net troch. Wardenier waard yn in klinyk pleatst om't er kranksinnich wêze soe. Oer it mystearje is in boek skreaun, dat moandei presintearre is.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

It boek is skreaun troch Henk Ymker: 'Het mysterie Wardenier' en it giet om in nije ferzje mei nije feiten fan it boek dat er yn 1984 skreau.

Wie Wardenier geniaal of in praatsjemakker?

Neffens André van de Nadort, boargemaster Weststellingwerf, bliuwt it in bysûnder ferhaal. "Als je de naam Wardenier laat vallen, komt er een massa volk op af."

Der komt ek in musical en in tentoanstelling.

Is it mystearje oplost?

"Ik liep al langer idee met het idee van het boek rond. Nu er dus een tentoonstelling en een musical komen, leek het me een mooi moment", fertelt skriuwer Henk Ymker.

"Ongeveer een derde is gehandhaafd en de rest is nieuw. Ik heb veel reacties gekregen nadat het boek in 1984 verscheen en daar kon ik toen niets mee, maar dat heb ik er nu in verwerkt. Er is bijvoorbeeld meer aandacht voor de rol van wethouder Muurling. Ik heb zijn kleinzoon gesproken. Zijn opa zou naïef zijn, maar dat was hij helemaal niet."

Dochs hat Ymker ek it mystearje net ophelderje kinnen. "Het zal nooit worden ontrafeld. Of hij een genie of fantast was? Ik laat het in het midden."

René Koster praat mei skriuwer Henk Ymker oer syn boek oer Johannes Wardenier

Trefwurden: 
boek Johannes Wardenier
(advertinsje)
(advertinsje)