Voedselbos yn Aldebiltsyl kin los nei stipe fan de gemeente

29 apr 2019 - 16:16

De stifting Voedselbos Ouwe-Syl kin los mei de ûntwikkeling, mei in subsydzje fan 20.000 euro fan de gemeente Waadhoeke. It bosk oan de noardwestkant fan Aldebiltsyl bestiet no noch út beammen dy't foar in part siik binne. De stifting wol der in 'beleeftún' fan meitsje, mei in fiver, houtwâlen en in grut ferskaat oan fruit- en nutebeammen en oare ytbere gewaaksen.

Foto: ANP

It Voedselbos is in idee fan de ynwenners sels, dy't har soargen meitsje oer de skaalfergrutting yn de lânbou en it ferdwinen fan de middenstân en dat der mear grutte bedriuwen komme dy't de merk foar iterij oernimme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)