Hoe foldocht it de 'Posjes' yn Fryslân?

29 apr 2019 - 15:46

De famylje Pos út it telefyzjeprogramma 'Helemaal het Einde' ferruile Sily foar Fryslân. Yn dat programma bouden famyljes in nij bestean op yn Súd-Amearika; de 'Posjes' waarden de bekendste famylje fan alle famyljes. Se wenje no yn Ychten, oan de Tsjûkemar. Hoe giet it mei Stephan, Ilona, Tygo en Bjorn yn Fryslân?

Hoe binne se yn Fryslân telâne kommen?

"Ja, dat had niemand verwacht, wij zelf ook niet. We hebben naar heel Nederland gekeken. Ons bedrijf, we maken wijn, zit in Chili en daarom zijn we niet aan een bepaalde plek gevonden. We wilden een plek met veel ruimte, want dat waren we gewend. We wilden het buitenleven vasthouden. We zijn veel in Friesland geweest, we hebben hier veel wijn verkocht, de mensen zijn lekker direct", fertelle Stephan en Ilona. "We wilden een huis met een groot stuk grond erbij en het ligt vlakbij de A6, met een uurtje ben je al in de Randstad."

De famylje Pos - Foto: Omrop Fryslân

De Fryske taal binne se noch net machtich. "We wonen hier nog maar sinds 1 april. Maar de jongens krijgen het al op school en daar leren wij weer van." De jonges fine it leuk op skoalle. "Er zijn leuke kinderen", fertelle Tygo en Bjorn. "We hebben al vrienden gemaakt en spelen bij vrienden." De jonges ha ek in knyn krigen. "Ons eerste vee."

Se binne drok oan it ferbouwen. "We dachten met een likje verf de eigen smaak in het huis te brengen, we hebben het immers al druk genoeg met bedrijf. Maar het bloed stroomde toch... De badkuip stond op een gegeven moment al op de oprit. Ik was vroeger stukadoor en ga de muren, doen, maar dat is echt mijn laatste klus."

Se misse de waarmte en it boergondyske libben fan Sily wol, "maar we blijven teruggaan voor de wijnen." Se ha ek foar Nederlân keazen om't it ûnderwiis hjir better is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)