Maaiefjoer op West-Skylge kin trochgean
It maaiefjoer op 1 maaie op West-Skylge kin trochgean. De gemeente hat dat besletten nei oerlis mei de brânwacht. Tradisjoneel wurde op Skylge op 1 maaie saneamde 'meihopen' yn de brân stutsen. Dat bart op seis plakken op it eilân.
It maaiefjoer by West-Skylge is op it Griene Strân, in natuergebiet. Yn ferbân mei de drûchte wie it net wis oft dat wol trochgean koe, mar de gemeente hat no grien ljocht jûn.
It smook- en stookferbod yn de natuergebieten bliuwt wol fan krêft. De oare fiif maaiefjurren, op Midslân, Formearum, Lys, Hoarn en Easterein wurde net yn natuergebiet holden en steane dêrom ek net faai.