Waadeilannen easkje 225.000 euro fan rederij MSC

De Waadeilannen easkje 225.000 euro skeafergoeding fan MSC, de Switserske eigener fan de Zoë, it skip dat begjin dit jier op de Noardsee 342 konteners ferlear. De eilannekusten rekken swier fersmoarge. Daliks nei de ramp sei rederij MSC ta dat alle skea fergoede wurde soe, mar oant no ta ha de eilannen noch neat fan de rederij heard.
© ANP
Alle kosten dy't makke binne wurde sammele troch Rykswettersteat. It folsleine bedrach is dus noch grutter as de 225.000 euro dy't de fiif Waadeilannen no as claim dellein ha. It giet dêrby om de kosten dy't oant no ta makke binne. It bedrach sil noch oprinne neffens in wurdfierder fan de gemeente Skylge.