Ferwûne by bedriuwsûngelok op jachtwerf yn Warkum
In persoan is moandeitemiddei ferwûne rekke by in bedriuwsûngelok op in jachtwerf oan de Suderséleane yn Warkum. It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûningen mei de traumahelikopter oerbrocht nei it sikehûs yn Grins. It is noch net dúdlik wat der bard is.