Jonge boeren kinne makliker in liening krije fia Europeeske stipe

Om jonge boeren op gong te helpen hat de Europeeske Kommisje 1 miljard euro beskikber steld. Dat jild komt yn in fûns dêr't jonge boeren oanspraak op meitsje kinne. De Europeeske Kommisje docht dat om de boeren oan te moedigjen en finansjeel te stypjen.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Se kinne fia it fûns goedkeaper in liening ôfslute en se hoege dan pas nei in pear jier te begjinnen mei ôflossen. Boppedat meie se dêr langer oer dwaan. EU-kommissaris Phil Hogan fan lânbou makke dit bekend op in konferinsje yn Brussel.
Neffens him is de finansiering te faak in tûkelteam. Dêrtroch binne der hieltyd minder jonge boeren. Mar 11 prosint fan de boeren yn de Europeeske Uny is jonger as 40 jier. Neffens de Europeeske Kommisje moat stipe foar de nije generaasje boeren yn de EU prioriteit wêze om fergrizing foar te kommen.
Ut ûndersyk docht bliken dat oanfragen foar in liening troch jonge boeren trije kear faker ôfwiisd wurde as oanfragen fan âldere boeren.
It nije kredytprogramma wurdt opset troch de Europeeske Ynvestearringsbank yn Lúksemboarch. Ek gewoane banken dogge mei, sadat der mei mekoar hast twa miljard euro beskikber komt.
Jan Huitema