Fytsersbûn is net tefreden: "Ofslútdyk fjouwer sneinen iepen is 'doekje voor het bloeden'"

29 apr 2019 - 13:53

De Ofslútdyk giet dit jier noch fjouwer kear in snein iepen foar fytsers. Dat foarstel docht minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer yn har antwurd op keamerfragen fan it CDA. De Ofslútdyk gie op 1 april fan dit jier foar trije jier ticht foar fytsers fanwege de grutte fernijings- en fersterkingsoperaasje fan de dyk.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

It fytsersbûn, de Wielersportbond en Wandelnet protestearren lûd tsjin it beslút om de Ofslútdyk ôf te sluten foar fytsers en kuierders. Sy geane no woansdei om tafel mei Rykswettersteat om te oerlizzen oer it foarstel fan de minister.

Foarsitter Kees Mourits fan de ôfdieling Fryslân fynt it foarstel fan de minister foar fjouwer sneinen 'te meager'. "Ik zie dit als een doekje voor het bloeden. Wij denken zelf eerder aan de gehele bouwvak-vakantie. Dan is het een mooi gebaar voor de mensen die in de vakantie een lange afstandsroute over de dijk willen fietsen of wandelen. Aan mensen die in de vakantie over de dijk willen kun je niet vragen om dat allemaal op zondag te doen."

De trije klups hawwe mienskiplik noch in petysje rinnen tsjin it beslút om de Ofslútdyk trije jier lang ôf te sluten foar fytsers en kuierders. Sy tinke der dan ek oer nei om offisjeel beswier te meitsjen tsjin it beslút om de Ofslútdyk trije jier lang ôf te sluten foar kuierders en fytsers.

Gong nei de rjochter?

Oanslutend is ek de gong nei de rjochter in mooglikheid. Sa'n stap hat foar Mourits ek in prinsipieel kantsje, as it safier komt. "Het is maar net waar je voor kiest. De auto wordt geen strobreed in de weg gelegd bij de renovatie van de Afsluitdijk. Wij fietsers hebben maar een smal gaatje nodig om over de dijk te kunnen. Dan maak je daar toch ruimte voor?"

Mourits is der ek min oer te sprekken dat de minister no al witte lit dat der yn 2020 en 2021 noch minder romte wêze sil foar fytsers en kuierders op de Ofslútdyk. Minsken dy't mei de fyts of geandewei oer de dyk wolle, kinne yn dy tiid gebrûk meitsje fan in spesjale fytspindelbus.

Mourits fynt dat lykwols gjin oantreklik inisjatyf. "Dan is het geen uitdaging meer om de Afsluitdijk over te steken. Een fietser die over de dijk wil fietsen, fietst het liefst het hele stuk zelf."

Foarsitter Kees Mourits fan it Fytsersbûn

(advertinsje)
(advertinsje)