Trije winners by talintûntwikkelingsprojekt 'Verhalen in het Landschap'

29 apr 2019 - 13:51

Trije yn stee fan twa keunstners binne winner wurden fan it talinteprojekt 'Verhalen in het Landschap'. It binne Melda Wibawa, Martina Hadlikova en Johannes Bosgra. Dizze trije keunstners meie eksposearje yn de Open Stal, de keunstrûte yn Aldeberkeap. Se krije boppedat in jildbedrach om dy presintaasje ta te rieden.

Johannes Bosgra, Martina Hadlikova en Melda Wibawa - Foto: Verhalen in het landschap

Der wiene fjirtjin dielnimmers dy't de ôfrûne moannen masterclasses folge ha by fiif Fryske keunstners: Tjibbe Hooghiemstra, Christiaan Kuitwaard, Anne Feddema, Tryntsje Nauta en Gerrit Terpstra. Se hiene dat trajekt wûn op basis fan har eardere dielname oan de grutte eksposysje 'Verhalen in het Landschap' yn Aldeberkeap, in eksposysje yn it ramt fan LF2018.

Neffens de sjuery, dy't út deselde fiif Fryske keunstners bestie, wie it net maklik om te besluten wa't solopresintaasjes krije soe yn de Open Stal. Uteinlik besleat de sjuery net twa, mar trije winners te kiezen. De oare alve dielnimmers oan it projekt meie ien wurkstik eksposearje yn Open Stal 2019.

(advertinsje)