Plan om swiere smokers te helpen yn ferslavingsklinyk

29 apr 2019 - 12:59

Minsken dy't ferslave binne oan smoken, soene in behanneling yn in ferslavingsklinyk fergoede krije moatte, krekt as drank- en drugsferslaafden. Dat skriuwt Jeroen Hinneman ferslavingsklinyk op It Hearrenfean fan Verslavingszorg Noord-Nederland yn in brief oan de Twadde Keamer. Hy pleitet foar oar belied om in ein te meitsjen oan goed 20.000 deaden yn it jier troch it smoken.

Smoke - Foto: Shutterstock.com

De ferslavingsklinyk wurdt wykliks belle troch partikulieren mei in fraach om help, neffens Jeroen Hinneman. "Dan gaat het om mensen die zelf willen stoppen en alles al geprobeerd hebben, wat niet lukt, en echt wanhopig zijn." Neffens him telt Nederlân sa'n trije miljoen smokers, wêrfan't de helte ta swiere smoker rekkene wurde kin.

"De groep die voor behandeling in aanmerking komt, is kleiner. Het gaat om mensen die het niet gelukt is om te stoppen met de bestaande hulp. Mensen met ernstige lichamelijke klachten ontstaan door het roken en die baat kunnen hebben bij hulp in een beschermde omgeving van een kliniek met een goed na-traject."

Sa'n behanneling kostet in soad jild, mar smokers kostje de soarch no ek al in soad jild. "Maar het gaat mij meer om het leed, dat vind ik belangrijker dan het geld. Dat mensen nu vroeg overlijden als gevolg van het roken."

Hy hat noch gjin reaksje hân fan de Twadde Keamer op syn plan, wol fan in soad kollega's.

Jeroen Hinneman oer syn brief

(advertinsje)
(advertinsje)