Advys Wiebes: ûndersyk nei ôfname klút en mients by boarlokaasjes yn Waadsee

Op plakken dêr't gaswinning ûnder de Waadsee plakfynt, is it tal kluten en mientsen weromrûn. Dat docht bliken út de rapportaazje fan 2017 fan de NAM nei de gefolgen fan de gaswinning. Ut dyselde rapportaazje komt nei foaren dat de boaiemdelgong binnen de noarm bleaun is. Minister Wiebes fan Ekonomyske Saken en Klimaat skriuwt dit yn in brief oan de Twadde Keamer.
© Remco de Vries
Neffens de NAM heart it weromrinnende tal kluten en mientsen by de natuerlike fluktuaasjes fan de fûgels. Dêr is in advyskommisje fan minister Wiebes it net mei iens. Op plakken dêr't net gas wûn wurdt, is it tal kluten en mientsen itselde bleaun of sels tanommen. De kommisje advisearret dan ek om yn 2019 in ûndersyk te dwaan nei it weromrinnend tal kluten en mientsen yn de omkriten fan de gaswinning.

Boaiemdelgong

Foar de gaswinning by It Amelân is in stúdzje dien nei de boaiemdelgong op de langere termyn. De kennis en resultaten fan dy stúdzje binne fêstlein yn in bepaald mjitsysteem. Wiebes skriuwt dat er de NAM opdracht jûn hat om dat mjitsysteem te brûken by in stúdzje nei lytse gasfjilden yn it eastlik part fan de Waadsee.